Parkearproef H'feanfans slagge

It ferkear ried better troch
De gemeente Hearrenfean en de plysje binne tefreden oer de ferkearsproef dy't freedtejûn dien waard by it Abe Lenstra Stadion. By thúswedstriden fan It Hearrenfean ûntstean geregeld files op de A7 en de A32 en derom wie der freed in proef om it ferkear better trochride te litten.
Tusken it krúspunt by de McDonalds en it stadion wiene twa rydbanen beskikber om de Hearrenfeanfans nei harren parkearplakken te lieden.