Hearrenfean lyk tsjin Heracles

12 sep 2008 - 22:42

SC_Hearrenfean hat freedtejûn mei 2-2 lykspile tsjin Heracles_Almelo. De Feansters kamen yn de earste helte mei 2-0 foar. Danijel Pranjic wie twa kear trefseker. Mar hy en syn ploechmaten hiene der folle mear úthelje kinnen.

Krekt foar it skoft kamen de besikers op 2-1 troch in goal fan Jan Wuytens. Yn de twadde helte krige Hearrenfean wol kânsen, mar it wie Bas Dost dy't skoarde foar Heracles. Yn de slotfaze wiene Pranjic en Milan Kopic noch tichtby de 3-2 mar it slagge krekt net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)