Comenius test taalnivo bern

12 sep 2008 - 14:41

Skoalmienskip Comenius wol mei in selsmakke taaltest it taalnivo fan de learlingen omheech bringe. De digitale test wurdt twa kear yn it jier ôfnommen by bern út de fjirde klassen havo en vwo en de tredde klassen mavo.

Learlingen mei in heger taalnivo kinne makliker oare talen leare en bettere wurkstikken skriuwe. Boppedat is de oansluting op it ferfolchûnderwiis ek better. De test hat alles te krijen mei stavering en grammatika fan de Nederlânske taal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)