Primeur fan 'webchair'

12 sep 2008 - 14:13

It Lauwerscollege út Bûtenpost hat in webchair yn gebrûk naam. Dat is in primeur yn Fryslân. It is in burostoel mei in grut byldskerm, kamera en mikrofoan. Bern dy't net nei skoalle komme kinne, kinne sa yn kontakt bliuwe mei har klasse en sa ûnderwiis folgje. Fia ynternet wurdt mei sa'n webchair nammentlik kontakt lein mei it thúsfront of it sikehûs.

It Lauwerscollege hat de webchair oanskaft foar de slim sike Arendjan út Kollum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)