Fryslân rol yn promoasje

© Omrop Fryslân
It buro foar toerisme Friesland Holland jout de provinsje in haadrol by de promoasje fan Hollân yn ús eigen lân en it bûtenlân. De promoasje is bedoeld om toeristen nei Fryslân te heljen.
Der komt in fjouwertalich magazine Holland Highlights en in nije webside www.holland-tourist-information.nl. Ek de wetterrekreaasje wurdt promoate. Der komt in webside, in magazine en advertinsjes. Ek dêryn krijt Fryslân in promininte rol.