Better oerlis oer grienstroken

12 sep 2008 - 11:54

Achtkarspelen sil better kommunisearje oer de grienstroken yn de gemeente. Dat hat wethâlder Van der Veen tasein. De toan en it taalgebrûk oan boargers oer yllegaal brûken en ôfstean fan grienstroken is net goed, sa liet de ried witte.

Achtkarspelen is yn Twizel, Koatstertille en Bûtenpost dwaande mei de ferkeap fan grienstroken oan belangstellenden. Yn ferbân mei stroomkabels of liedingen yn de grûn is ferkeap net altyd mooglik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)