Oare regels foar bystân

12 sep 2008 - 09:56

De Kliïnteried Dongeradiel is ferbjustere oer it net werom jaan fan gemeentlike belestingen oan minsken yn de bystân. Oare jierren wie dat wol sa, mar troch nije rjochtlinen fan it Ryk is it oars wurden. Der wurdt no ek sjoen nei útjeften, besit en fermogen.

De Kliïnteried helle ferhaal yn de kommisjefergadering yn Dongeradiel. Neffens de Kliïnteried is nei it ynkommen sjoen fan ien moanne en dat is net reëel. De boargemaster besjocht de saak no opnij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)