Winsten werom nei konsumint

© Omrop Fryslân
De behearders fan elektrisiteits- en gasnetten moatte de tefolle betelle transportkosten weromjaan oan de konsumint. Sa fynt in mearderheid fan de gemeenteried fan Achtkarspelen nei oanlieding fan in moasje fan de VVD.
Konsuminten soene sûnt 2004 ien miljard euro oan transportkosten tefolle betelle ha. De ried fan Achtkarspelen wol dit punt ek dellizze by alle oare gemeenten yn Fryslân. Ek sil de lanlike polityk ynskeakele wurde.