Ferwerderadiel enerzjysunich

11 sep 2008 - 23:16

De gemeente Ferwerderadiel is ien fan de grienste gemeenten fan Nederlân. Ut ûndersyk docht bliken dat hast de helte fan alle brûkte enerzjy troch de ynwenners sels opwekt wurdt. Bygelyks mei wynmûnen en sinnepanelen, mar ek mei dongfergisters. Wethâlder Haije Talsma wol foaral dizze lytse, lokale projekten mear stimulearje. Dêrfoar wol it kolleezje ynkoarten plannen meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)