Brief 26 jier ûnderweis

© Omrop Fryslân
Op Skylge is fan 'e wike in brief mei foto oankaam neidat it 26 jier lang ûnderweis west hat. It is in saneamd earstedeislúfke mei dêrop de earste edysje fan in doetiids nije postsegel fan it eilân Tristan da Cunha; in tige isolearre eilân op 3000 kilometer fan de kust fan Súd-Afrika. Wa't it brief ferstjoerd hat, is in riedsel.
De post foel op West by âld-direkteur Flonk fan 't Behouden Huys troch de bus. Tafallich sammelt er postsegels, krekt fan dat eilân.