Neven fange yn Ravenswâld

11 sep 2008 - 22:51

Om út te sykjen hoefolle lêst ynwenners hawwe fan neven, is der tongersdeitejûn ûndersocht hoefolle neven der binne yn de omjouwing fan De Fochtel en Ravenswâld, tichtby Appelskea.

Frijwilligers makken de earmen bleat, wêrnei't in oar de miggen, neven of knutten opsûgje moast sadat it yn in potsje telâne kaam. Sa wurdt sjoen hoe grut it probleem is en oft se foarkomme kinne dat der safolle neven yn de omjouwing binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)