Trond is der noch net út

11 sep 2008 - 20:31

Hearrenfean trainer Trond Sollied woe tongersdeitejûn op 'e lêste training foar de wedstriid tsjin Heracles de opstelling net priis jaan. Yn fergeliking mei de wedstriid tsjin Volendam tinkt hy deroer nei om syn âlvetal sawol yn 'e ferdigening as yn 'e oanfal te feroarjen. De kâns is grut dat Henrico Drost plak meitsje moat foar Milan Kopic. De Tsjech foarmet dan mei Breuer it sintrum.

Mika Väyrynen sit tsjin Heracles Almelo foar it earst op de bank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)