Rekkendei foar learkrachten
Yn Ljouwert wurdt woansdei 17 septimber de twadde noardlike rekkendei hâlden. Sa´n 250 learkrachten út it basisûnderwiis krije ynformaasje oer hoe´t se it rekkenûnderwiis op har skoalle ferbetterje kinne. Under oare de ûnderwiisynspeksje komt oan it wurd op dy dei. Ek binne der workshops.
De dei is in inisjatyf fan ûnderwiisburo Cedin.