Nij spoar Harns - Ljouwert

11 sep 2008 - 14:32

Yn opdracht fan ProRail wurdt dit wykein it spoar tusken Harns en Ljouwert fernijd. Op 13 en 14 septimber ride der dêrom bussen ynstee fan treinen op dat trajekt. It nije spoar komt op beton te lizzen. Dat freget minder ûnderhâld en is stiller en nofliker foar de treinreizgers. Ek komt der in fytstunnel ûnder it spoar by bedriuweterrein Kie yn Frjentsjer.

De wurksumheden binne net yn ien wykein klear. Yn oktober en novimber wurdt der ek noch oan it spoar wurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)