Frou omkommen by Eagmaryp

11 sep 2008 - 10:52

By in ûngelok op de Fjildwei yn Eagmaryp is woansdeitejûn in frou (71) fan De_Jouwer om it libben kaam. De frou ried mei har auto nei De Jouwer doe´t se net goed waard. Se rekke mei de auto yn in sleat.

Tsjûgen fan it ûngelok sloegen it rút stikken om de frou út de auto te heljen. Sy hawwe noch besocht de frou te reanimearjen, mar de frou is dochs ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)