VVV Skylge wol ferhúzje

© Omrop Fryslân
De VVV op Skylge wol graach ferhúzje nei it eardere gebou fan de biblioteek yn de Torenstrjitte op West. Dan soe ek it postagintskip foar Skylge behâlden bliuwe kinne. It agintskip sit no noch yn in winkel op West, mar dy sil der oan de ein fan it jier mei ophâlde.
It VVV-gebou op West is te lyts om it agintskip derby te nimmen. It eardere biblioteekgebou soe neist de VVV en it postagintskip ek romte biede kinne oan de ANWB en in ynternetkafee.