Fytsers op ´e bon op it Fean

© Omrop Fryslân
Op De_Dracht op It_Hearrenfean hawwe woansdei santjin fytsers in boete krige om´t se fytsten yn ´e winkelstrjitte wylst dat dêr ferbean is. De plysje kontrolearre yn de strjitte, nei´t der klachten kaam wiene fan eigners fan de winkels en winkeljende minsken.
De santjin boetes waarden útdield yn mar in oerke tiid. De kommende tiid sil de plysje mear kontrôles dwaan yn ´e winkelstrjitte.