Oanriding Kanaalwei Ljouwert

11 sep 2008 - 09:48

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding op de Kanaalwei tsjinoer de Friese Poort yn Ljouwert, ôfrûne moandei. Om kertier oer fjouweren middeis waard dêr in 53-jierrige fytser oanriden troch in automobilist doe't de fytser oerstekke woe. De automobilist út Rinsumageast seach de fytser te let. De fytser waard mei slimme ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Minsken dy't wat sjoen hawwe, kinne kontakt opnimme mei de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)