Tekoart nije parkearautomaten

11 sep 2008 - 06:57

De gemeente Dongeradiel wol alle parkearmeters en trijekwart fan de parkearautomaten yn Dokkum ferfange. Se binne finansjeel en technysk ôfskreaun en yn guon gefallen dogge se it ek net mear. Boppedat binne de nije automaten folle handiger yn gebrûk en ha se in pinfunksje.

Op dit stuit is der noch in tekoart fan 100.000 euro om de automaten te ferfangen. Op 25 septimber wurdt der in beslút nommen oer it foarstel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)