IIshockeyer Landman hâldt op

10 sep 2008 - 15:00

De takomst foar de Flyers is noch net wis, mar Jacco_Landman hâldt der yn alle gefallen mei op. De 34-jierrige iishockeyer sjocht gjin sportive útdaging mear en giet der finansjeel ek op efterút.

No´t de Flyers gjin haadsponsor hawwe, hat de club minder jild te besteegjen. Dat betsjut dat guon spilers in minder kontrakt krije. Mar ek dat de club minder spilers oanlûke kin. It docht Landman sear, mar hy moat foar himsels kieze, seit er.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)