Abel Telecom fallyt ferklearre

10 sep 2008 - 14:57

De rjochtbank yn Ljouwert hat it bedriuw Abel_Telecom fan It_Hearrenfean fallyt ferklearre. Abel_Telecom hat 8000 klanten en biedt tillefoan- en ynternettsjinsten oan. Der wurkje alve personielsleden.

It fallissemint hat foarearst gjin gefolgen foar de tillefoan- en ynternetferbinings fan de klanten. Kurator Van_Geenhuizen seit dat by him al in tal bedriuwen west hat, dy´t Abel graach oernimme wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)