´Oplossing Flyers tichtby´

Danny Micola (foto Martin de Jong)
De gemeente Hearrenfean hat nei alle gedachten in oplossing fûn foar iishockeyclub Flyers. De club hat finansjele problemen, omdat harren sponsor Vadeko der ferline seizoen mei ophâlde en der noch gjin nije haadsponsor is.
Neffens Flyersfoarsitter Danny_Micola komt de gemeente no mei in bedriuw, wêrtroch´t de Flyers gewoan trochspylje kinne yn de earedivyzje. De namme fan it bedriuw is noch net bekendmakke.