Bilker: Phanos moat opsjitte

10 sep 2008 - 10:28

Der moat oer uterlik oardel oant twa jier boud wurde oan it nije rekreaasje-en soarchsintrum Lauwershage yn de Kollumerwaard. Dat seit boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân. Bilker hat tiisdei oerlis hân mei projektûntwikkelder Phanos.

Bilker woe mei Phanos prate omdat guon saken op de lange baan skood wurde. Sa leit de Miljeu Effekt Rapportaazje al in moanne op it buro by Phanos. Yn de Kollumerwaard soene 350 fakânsjehúskes komme moatte, ticht by de Lauwersmar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)