Himpkwekerij Appelskea oprôle

10 sep 2008 - 09:25

Yn Appelskea is tiisdeitejûn in himpkwekerij mei 400 planten oprôle. De plysje ûntduts de kwekerij nei in anonime tip yn in kas by in hûs oan de Willemstêd.

Alle planten en de apparatuer binne yn beslach nommen en ferneatige. De 58-jierrige bewennner fan it hûs is oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. Nei ferhoar is er wer frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)