Flyers beslute oer seizoen

10 sep 2008 - 09:17

IIshockeyklub Flyers sil woansdei foar fiif oere beslisse oft sy dit seizoen trochgeane yn de earedivyzje. Ien fan de bepalende spilers, Jacco Landman, hâldt der yn alle gefallen mei op.

Fjouwer oare spilers hawwe noch gjin beslissing naam. De Flyers hawwe noch gjin nije haadsponsor. De gemeente Hearrenfean woe de iishockeyklub helpe by it sykjen fan in sponsor, mar dat is oant no ta net slagge. Dêrtroch sil Flyers dochs wer kontakt opnimme mei Cambuur om te sjen wat der mooglik is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)