Stroomsteuring omjouwing Grou

© Omrop Fryslân
Der hat woansdeitemoarn in grutte stroomstoaring yn Grou en de doarpen dêromhinne west. De melding kaam goed healwei sânen binnen. De NUON is fuortendaliks oan 'e slach gien om de steuring te ferhelpen en om tweintich oer sânen hiene de minsken yn ûnder oare Grou, Jirnsum, Nes en De Feanhoop wer spanning op de stopkontakten.
De oarsaak fan de steuring wie koartsluting yn in ûnderstasjon. Dat sil no fierder ferholpen wurde.