Noch gjin modder-buorden brûkt

© Omrop Fryslân
De modderkampanje fan de gemeente Frjentsjerteradiel slacht noch net oan by de bouboeren. Doel is om de boeren safier te krijen dat se buorden oan de dyk sette dy't warskôgje foar slipgefaar. De buorden kinne fergees brûkt wurde. De boeren helje ynkoarten biten en mais fan it lân en as it dan reint dan wurdt it faak sjippeglêd.
Der binne 250 boeren oanskreaun troch de gemeente mar der is noch gjin boerd ophelle.