Foppe útskeakele foar EK

'Ien kear is it ôfrûn'
Foppe de Haan hat tiisdeitejûn syn lêste offisjele wedstryd as bûnscoach fan Jong Oranje belibbe. It Nederlânsk âlvetal foar spilers ûnder de 21 jier ferlear yn Schaffhausen ûnferwachts mei 1-0 fan Switserlân.
Dêrtroch waard Nederlân efter datselde Switserlân twadde yn de kwalifikaasjegroep foar it EK 2009. Mei 16 punten út 8 wedstriden hearde Jong Oranje ek net by de beste nûmers twa, sadat de play-offs oan de noas fan De Haan en syn spilers foarby geane.