Ried moat oer sûkelade te set

09 sep 2008 - 20:14
Foto: Omrop Fryslân

It Ljouwerter riedslid Gerben Hoogterp is teloarsteld dat syn idee om sûkelade út te dielen oan stappers net oppakt wurdt troch it gemeentebestjoer. Hy hopet dat syn inisjatyf yn de gemeenteried wol stipe krijt.

Neffens wethâlder Gerrit Krol is nei ûndersyk wol dúdlik wurden dat geweld ôfnimt as der sûkelade útdield wurdt oan it útgeanspublyk, mar net dat it iten fan dy sûkelade dêrfoar soarget.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)