Ferwûne by brân yn garaazje

09 sep 2008 - 19:28

By in brân yn in garaazje yn Terbant is tiisdeitemiddei de 40-jierrige eigner ferwûne rekke. Yn it gebou dêr 't earder autobedriuw Van der Molen siet, hat it slachtoffer syn krossauto's stean.

By de brân is asbest frijkaam. Utsocht wurdt noch hoe fier dat ferspraat is. It gebou stiet oan de H._B._Jonkerwei tusken Lúnbert en Haskerdiken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)