Harnzer handikapten mei bus

09 sep 2008 - 17:42

Minsken mei in beheining kinne ynkoarten makliker reizgje mei de bus yn Harns. De gemeente sil alle bushaltes tagonklik meitsje troch de haltes op te heechjen.

Betonblokken wurde delset sadat de bus op de sintimeter nauwkeurig neist de halte stopje kin. Hjirtroch leit de busflier gelyk mei de halte. Wethâlder Frans Zomers fan Harns pleatste it earste betonblok by halte Havenplein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)