Snitser hacker bliuwt fêst

09 sep 2008 - 16:35
Foto: Omrop Fryslân

It foararrest fan de Snitser (19) dy't fan kompjûter-kriminaliteit fertocht wurdt is mei 30 dagen ferlingd. De jonge soe in netwurk fan 100.000 kompjûters makke ha, dat kreake wurde kin. Dêrtroch kinne bank- en kreditcardsgegevens achterhelle wurde.

Foarige moanne is de jonge oppakt op in terras yn Snits, doe't er it netwurk ferkeapje soe oan in Brazyljaan. It is noch net dúdlik wannear't hy foarkomme moat, want it ûndersyk is noch net klear.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)