Gjin sûkelade foar stappers

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert sil gjin sûkelade ferspriede oan stappers. Grien Links riedslid Hoogterp kaam koartlyn mei dit foarstel. Neffens him sitte der yn sûkelade stoffen wêr't minsken rêstiger fan wurde. Yn Ingelân binne hjir eksperiminten meidien en dêr die út bliken dat der sprake wie fan minder agresje en fandalisme.
Neffens de gemeente Ljouwert is net dúdlik oft dit troch de sûkelade komt of om't minsken bliid wiene omdat se in aardichheidsje krigen.