Trije jier sel foar Brantgumer

De rjochtbank hat de man 3 jier sel jûn
De Brantgumer (65), dy't fertocht wurdt fan seksueel misbrûk fan seis jonges is tiisdei feroardiele ta trije jier sel wêrfan ien ûnder betingst. Dat is in jier minder as de eask. Neffens de rjochtbank koene net alle feiten bewiisd wurde en falt de straf dêrom leger út.
De Brantgumer waard heal maaie oanhâlden. Twa fan de jonges dy't er misbrûkt hawwe soe wiene noch minderjierrich. Der waard ek berneporno op syn kompjûter fûn.