Fryslân is opsje foar Spelen

© Omrop Fryslân
Fryslân is in ideale lokaasje om Olympyske wedstriden te organisearen. Dat fynt de Olympyske sportkoepel NOC-NSF. Dy reageart dêrmei op in plan fan it Fryske CDA. Dy fynt dat at de Olympyske Spelen oan Nederlân tawiisd wurde ek nei Fryslân sjoen wurde moat as wedstriidlokaasje. Foar bygelyks it silen en it swimmen yn iepen wetter.
Om't de ôfstannen yn Nederlân mar lyts binne soene de wedstriden hiel goed oer it lân spraat wurde kinnen.