Betheltsjerke ek tradisjoneel

Dûmny Bottenbley yn de Betheltsjerke
De Betheltsjerke yn Drachten komt mei spesjale tsjinsten dy't tradisjoneler binne as de gongbere tsjerketsjinsten fan de evangelyske gemeente. Der wurde mear psalmen en gesangen songen. Yn de gebrûklike Bethel-tsjinsten wurde it meast opwekkingslieten en popmusyk brûkt.
Neffens dûmny Bottenbley is it in logyske stap om sokke spesjale tradisjonele tsjinsten te organsearjen: de gemeente hat ek spesjale tsjinsten foar teeners en bern.