Jeugdkeet Seisbierrum útbaarnd

09 sep 2008 - 10:02
Foto: Omrop Fryslân

Yn Seisbierrum is moandeitejûn in jeugdkeet útbaarnd. De keet stie op it kasseterrein by it doarp.

De brânwacht wie gau te plak, neidat de melding binnenkaam wie. Mar se koene net mear foarkomme dat de keet folslein ôfbaarnde. De oarsaak fan de brân is net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)