Tillefoandief oanhâlden

09 sep 2008 - 10:00

De plysje hat moandeitejûn yn Ljouwert in jonge (15) oanhâlden omdat er op de Emmakade in frou bestellen hie fan har mobile tillefoan. Hy hie har beetpakt, mar de frou sei dat er loslitte moast. Dêrnei ûntduts de frou dat se har mobile tillefoan kwyt wie. By in hûs yn de buert belle se de plysje.

Underweis nei hûs seach se de jonge wer, se besocht him tsjin te hâlden mar dat slagge net. Doe belle se de plysje wer. By it Cambuurplein waard er oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)