Ungelok: fytser slim ferwûne

09 sep 2008 - 09:56
Foto: Omrop Fryslân

In fytser (53) út Ljouwert is moandei yn syn wenplak slim ferwûne rekke by in ûngelok. De man stuts by de Esdoornstrjitte de Kanaalwei oer, mar joech gjin foarrang oan in autobestjoerder. De man koe de fytser net mear ûntwike en in oanriding wie it gefolch.

It slachtoffer is mei slimme ferwûnings nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)