100 kilometer te hurd

09 sep 2008 - 09:54

By in snelheidskontrôle op de Troelstrawei yn Ljouwert binne moandei mear as 120 bekeuringen útdield. Der waarden hast 900 auto's en motors kontrolearre.

Ien motorrider ried 150 kilometer yn de oere op de dyk, wylst 50 dêr de maksimum snelheid is. Hy krijt in swiere boete en is syn rydbewiis kwyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)