Dieder mishanneling socht

09 sep 2008 - 09:52
Foto: Omrop Fryslân

De plysje siket de dieder fan in mishanneling ôfrûne wykein op De Jouwer. By in 59-jierrige man thús oan it Stjoerboard waard oanbelle. Doe't de man iepen die, waard er mei in blompot yn it gesicht slein.

De man moast mei in ambulânse nei it sikehûs op It Hearrenfean. De fertochte is noch spoarleas.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)