Aksje tsjin oerlêstskoppers

© Omrop Fryslân
Eigners fan hoarekabedriuwen oan it Ruterskwartier yn Ljouwert komme yn aksje tsjin oerlêstskoppers. Lestige klanten, dy't yn trije kafees net mear wolkom binne, wurde ek yn alle oare kroegen oan it Ruterskwartier wegere.
Mei de maatregels wolle de kroegbazen it útgeansgebiet yn it sintrum fan Ljouwert feiliger meitsje. De Ljouwerter hoareka sil no tongersdei mei tal fan ynstânsjes in oerienkomst tekenje foar in feiliger útgeanslibben.