CDA: 'Spelen nei Fryslân'

Algra: 'Fryslân wichtich foar OS 2028'
At de Olympyske Spelen fan 2028 yn Nederlân holden wurde, dan moat in wichtich part fan de sporten yn Fryslân plakfine. It CDA yn de Fryske Steaten wol de Olympyske Spelen sa nei ús provinsje helje Se hawwe dêroer fragen steld oan it kolleezje fan deputearre steaten.
De Spelen hielendal sels organisearje is in stap te fier, seit CDA-steatelid Rendert Algra. Hy wol dat deputearre steaten útsykje wat foar mooglikheden Fryslân hat.