Utwreiding Baarsma nei Ingelân

© Omrop Fryslân
De Baarsma Wine Group út Aldskoat is al de grutste wynhannel fan Nederlân, mar no wurdt it Fryske bedriuw ek yn it bûtenlân aktyf. Baarsma hat moandei de wynhannel Armit, dat festige is yn London, kocht en der binne plannen foar mear oernames.
Armit hat in jieromset fan mear as 31 miljoen euro. De Ingelske merk liket neffens it Fryske bedriuw in soad op de Nederlânske merk. Minsken drinke dêr ek hieltiten mear wyn.