Opblaaslippen Doutzen populêr

08 sep 2008 - 19:55

Mear as 9.000 opblaaslippen fan Doutzen Kroes binne al as promoasjemateriaal foar de Praat mar Frysk-kampanje útdield.

De Afûk, de ynstelling dy't as doel hat om it Frysk te befoarderjen, hat ek al sa'n 9.000 buttons en goed 8.500 stickers ferstjoerd. Ek de webside, mei dêrop filmkes fan de praat mar Frysk kampanje, is al mear as 75.000 kear besjoen. De kampanje liket dan ek goed oan te slaan. Njonken Doutzen is ek Pieter Weening 'Frysk ambassadeur'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)