Menger wint FK-pealsitten

08 sep 2008 - 19:14

Douwe Menger fan Balk is de nije Frysk kampioen pealsitten. Menger hat 70 oeren op 'e peal sitten. Dêrmei is it âlde rekord fan 65 oeren en 47 minuten ferbrutsen.

Menger stapte freedtejûn yn Warns mei sân oare dielnimmers op de peal en bleau úteinlik as iennichste oer. It Frysk kampioenskip pealsitten waard dit jier foar de tredde kear hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)