Alvestêdetocht op hynders

De Alvestêderydsters
De alvestêdetocht is sa stadichoan al op in hiel soad manieren ôflein, op redens, op 'e fyts en oer it wetter. Moandei is dêr wer in fariant bykommen, en wol op twa hynders.
Sandra_Visser en Tineke_Ekkers sille yn seis dagen de Alvestêdetocht ôflizze. Moandeitemoarn binne de froulju en harren hynders begûn oan de earste etappe, fan Burdaard nei Harns. Mei dizze alvestêdetocht op hynders wolle Sandra en Tineke jild ynsammelje foar de diere-ambulânse fan Ljouwert.