Mei De Rouwe de Keamer yn

Sander de Rouwe
CDA-Twadde_Keamerlid Sander_de_Rouwe siket Fryske ûndernimmers dy't in dei mei him meirinne wolle yn de Twadde Keamer. Hy wol sa de bân tusken de ûndernimmers en de Haagse polityk ferbetterje. De Rouwe hopet sels ek in soad fan de ûndernimmers te learen en ideeën op te dwaan foar syn keamerwurk.
Mei-inoar kinne 10 ûndernimmers in dei mei De Rouwe mei. Se krije dan tagong ta de sletten fraksjegearkomste fan it CDA en byienkomsten mei pommeranten.