Ferlinging jacht foar jacuzzi

08 sep 2008 - 10:53
Foto: Omrop Fryslân

Skipswerf De_Vries fan Makkum sil in jacht fan fyftich meter ferlinge sadat der romte komt foar in beach-club en in grutte jacuzzi op it boppedek.

It jacht waard trettjin jier lyn boud by it memmebedriuw fan De Vries. Foar dizze opdracht wurde alle boulokaasjes fan De Vries maksimaal brûkt. Op dit stuit wurdt it earste nijboujacht ôfboud en fan 't hjerst begjinne se oan in jacht fan achtentachtich meter. Dat is it grutste jacht dat it bedriuw ea boud hat.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)