Ynbraak yn Boalsert
Yn Boalsert is sneintemoarn by in bedriuw oan De_Marne ynbrutsen.
De plysje krige fia de alaarmsintrale in melding, mar doe't se by it bedriuw kamen wie der net ien mear te sjen. De ynbrekkers binne troch in rút it bedriuw ynkommen. Se hawwe fjouwer bestjoeringskasten meinommen.